Belied Prins konsern stratego

10 mrt 2013 - 17:32

Fakbûn FNV hat oer de sitewaasje by Prins Dokkum in brief stjoerd nei Twadde Keamerleden, de deputearren fan Fryslân en de boargemaster fan Dongeradiel. Yn it brief skriuwt FNV dat it belied fan de direksje konsern stratego is. De direksje wol de produksje slute en dan komme der 34 minsken op strjitte te stean.

Der is al in skoft striid tusken personiel en direksje. Der is al staakt. Tiisdei is der wer oerlis tusken direksje en fakbûnen. De direksje hat al oanjûn net op de easken fan it bûn yngean te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)