Edwina Knol wurdt fermist

10 mrt 2013 - 17:02
  • Edwina Knol

Edwina Knol (16) fan Berltsum wurdt sûnt sneon 9 maart fermist. Se is foar it lêst oerdei sjoen by it hûs fan har âlden yn Berltsum. Se is 1.75 meter, hat brune eagen en donkerblond hier oant op de skouders.

Edwina hie op de dei fan fermissing in donkerblauwe spikerbroek oan en in swart bomberjack sûnder kapusjon mei wite strepen op de bûsen en in wite streep by de rits. Se hie swarte hakskuon oan dy't oan de sydkant ticht binne. Nei alle gedachten hat se in skoudertas yn de kleur pears/swart mei yn blomkesmodel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)