Smeekens opnij rapste op 500 m

Jan Smeekens © awfoto.nl
Jan Smeekens hat snein by de wrâldbekerfinale yn Thialf foar de sechsde kear op rige de 500 meter op syn namme skreaun. Smeekens, wenjend yn Snits, sette in winnende tiid fan 34,83 op 'e klok. It sulver wie foar de Japanner Joji Kato mei 34,92. It brûns gong nei Michel Mulder yn 34,97.
Smeekens wie freed al wis fan de winst yn it wrâldbekerklassemint. Mei 1130 punten fersloech hy Kato, dy't 896 punten sammele. Smeekens is de grutte favoryt by de WK ôfstannen yn Sotsji. Ek de bruorren Michel en Ronald Mulder steane dêr oan de start.