Abma fierder mei aksje Syrië

10 mrt 2013 - 14:55
  • De website fan studint Wybe Abma

De aksje 'Vergeet Syrië niet' hat de ôfrûne tiid goed 40.000 euro opsmiten. Fries om utens Wijbe Abma hat dizze aksje foar de lokale befolking yn Syrië opset. Hy fynt dat besteande helporganisaasjes te min dogge yn dit lân. De earste kear dat Abma yn Syrië wie, hat er tekkens brocht. De ôfrûne moannen hat er goed tûzen pakketten mei iten útdield.

Wijbe Abma is no in wike yn Nederlân. Hy wol meikoarten wer nei Syrië om de minsken te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)