Undersyk foar oanlis traverse

De Noarderhaven yn Harns © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
By Harns wurdt de kommende moannen fjildûndersyk dien yn ferbân mei de oanlis fan de traverse, it stik fan de N31 dat troch de stêd giet. Der wurdt ûnder oare besjoen wat de opbou en de gearstalling is fan it asfalt.
Der wurdt ek boaiemûndersyk dien. Dêrby wurdt sjoen nei de opbou en de eigenskippen fan de boaiem en grûnwetterstreamen. De ûndergrûn wurdt yn kaart brocht om risiko's en ferrassingen by de oanlis fan de traverse foar te kommen. By it ûndersyk nei it asfalt wurde ek gatten yn de dyk boarre. It wurk duorret oant juny.