Dokkumer rydt tsjin beam oan

In 25-jierrige man út Dokkum is sneontenacht yn syn wenplak mei syn auto tsjin in beam riden. Surveillearende plysjes seagen dat de man syn auto amper ûnder kontrole hâlde koe. Doe't se achter him oan giene, seagen se dat de man mei de auto tsjin in beam botst wie. De Dokkumer hie tefolle dronken. Syn rydbewiis is yn beslach naam. De man rekke licht ferwûne by de oanriding, mar hy hoegde net nei it sikehûs.