Twadde play-off ferlies Flyers

09 mrt 2013 - 23:44

Unis Flyers hat ek de twadde wedstriid yn de play-offs fan Tilburg ferlern. Op it eigen iis fan Thialf moast it penaltysjitten útkomst bringe. Nei de trije perioaden en de ekstra tiid wie it 2-2. Kevin Bruijsten en Michael Nason wiene de doelpuntemakkers foar de Flyers. Mei de pennels gong it mei de thúsploech op de kop ferkeard. Terjohins, Martens en Pollastrone misten alle trije. Tiisdei is wedstriid trije yn Tilburg. By ferlies fan de Flyers sit it seizoen derop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)