Follybal Snits fan slach

Petra Groenland © awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits ha foar de tredde kear op rige ferlern. Yn de Snitser sporthal wie Eurosped sneontejûn mei 3-1 te sterk. De earste set wie noch wol foar de thúsploech mei 25-22. Yn de twadde set krigen de froulju fan Petra Groenland in draai om 'e earen: 12-25. De tredde en fjirde set gongen mei 20-25 en 18-25 nei de ploech út Almelo.