Sneue degradaasje Mid-Fryslân

09 mrt 2013 - 22:02

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha it krekt net oprêden yn de haadklasse. De ploech út Reduzum en Grou spile de lêste wedstriid yn Gorinchem mei 22-22 lyk tsjin GKV. By winst hie de ploech fan trainer Arjan Kreeft ek takom seizoen haadklasser west. It ferlies wie soer omdat MF trije minuten foar de ein noch in foarsprong fan trije punten hie: 19-22. GKV makke dêrnei in pear 'ûnmooglike' ballen en it hurd wurkjende Mid-Fryslân hie it tûker útspylje moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)