Oanhâlding mishanneling homo's

09 mrt 2013 - 15:37

De plysje hat sneontemoarn yn Ljouwert in 19-jierrige frou oanhâlden foar de mishanneling fan twa 20-jierrige Ljouwerters earder dizze wike yn de trein nei Snits. De slachtoffers binne homo en waarden útskolden, misledige en mishannele fanwege har seksuele aard. De fertochte is oanhâlden yn har wenning. De identiteit fan de twadde fertochte is ek bekend. De plysje ferwachtet dizze frou meikoarten oan te hâlden.

Trefwurden: 
Snits plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)