Frysk sukses by NK junioaren

Bente van den Berge fan Ljouwert hat freed oertsjûgjend de nasjonale titel pakt op de 500 meter by de NK junioaren yn Grins. It sulver wie foar Maud van der Meer. Melinda Groot gong mei it brûns nei hûs.
By de jonges wie der goud foar Lennart Velema op de 500 meter. Sneon wie de rider út Grins opnij de rapste, doe op de 1000 meter. By de froulju wie der op de kilometer brûns foar Reina Anema, dy't mei har tiid fan 1.22,59 Maud van der Meer (1.21.91) en Leeyen Harteveld (1.22,31) foargean litte moast.
Op de 3000 meter wie der opnij in medalje foar Anema. Mei har tiid fan 4.26.11 pakte de rydster fan De Gordyk it sulver. De winst gong nei Jade van der Molen mei 4.23.59. By de jonges wie de winst op de 3 kilometer foar Gerben Jorritsma. De rider fan Gewest Fryslân wist Thijs Roozen foar te bliuwen.