Automobiliste mei sin oanriden

09 mrt 2013 - 12:32

In automobiliste (23) út Ljouwert is freed mei sin meardere kearen oanriden. In reade Volkswein mei twa mannen deryn helle har yn op de Leeuwerikstrjitte en snied har ôf. Dêrnei rieden se tsjin de auto oan. By de Noarderbrêge kamen beide auto's ta stilstân en bedrigen de manlju har. In dei earder waard de frou ek al achterfolge nei't se in auto ynhelle op it Noardfliet. De bestjoerster dêrfan seinde hinderlik mei de ljochten en acherfolge har nei in tankstasjon dêr't se de frou bedrige. Ek ûntstie der in fjochtpartij.
De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)