Beammen fuort om Sintrale As

09 mrt 2013 - 11:29
  • Beammekap Sintrale As
  • Beammekap Sintrale As

400 Ikebeammen tusken Nyegea en Sumar wurde sneon fuorthelle. Dizze beammen wurde kapt om plak te meitsjen foar de Sintrale As. De N356 is sneon dêrom de hiele dei ôfsletten.

Omwenners binne op de kap tsjin en kamen dêrom ôfrûne tongersdei yn aksje. Se hawwe alle beammen in nûmer jûn om sjen te litten hoefolle beammen oft fuorthelle wurde. De bedoeling is dat de dyk sneontejûn 22.00 oere wer iepen giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)