Tsjûgen socht fan oertrêding

09 mrt 2013 - 11:16

De plysje siket tsjûgen fan in ferkearsoertrêding. Ofrûne moandei op de N355 tusken Aqua Zoo en de ôfslach nei Ryptsjerk wie in automobilist (21) út Tytsjerk belutsen. Hy kaam krekt nei it middeisoere mei hege faasje oanriden en botste sawat op in ûnopfallende plysje-auto. Doe kaam de man ticht foar de plysje-auto riden en koe de plysjeman in oanriding krekt foarkomme. Dêrnei hat de plysjeman de Tytsjerkster in stopteken jûn en is de man syn rydbewiis ynnaam yn ferbân mei gefaarlik rydgedrach. Ek moat de man op in rydfeardigenskursus.

Trefwurden: 
plysje oertreding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)