Sportdrokte op It Hearrenfean

09 mrt 2013 - 10:43
  • Tjeerd van der Zwan

It Hearrenfean krijt sneon sa'n 45.000 sportfans op besite. Der binne trije sporteveneminten. PSV komt del by Sportklup Hearrenfean, op Thialf is de wrâldbeker reedriden en de Flyers spylje thús. Der wurde ekstra maatregels naam om alles goed ferrinne te litten, sa lit boargemaster Van der Zwan witte. It giet om maatregels om alle minsken te plak te krijen. It doel is om de ferskillende supporters út elkoar te hâlden. Hoefolle plysje oft ynset wurdt, is net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)