Koart seizoen foar aaisikers

08 mrt 2013 - 21:22

De hannen fan de measte aaisikers jokje sa stadichoan, mar it earste ljipaai kin noch wol efkes op him wachtsje litte. It offisjele seizoen begûn ferline wike al, mar it is noch sa kâld dat gjin ljip it yn 'e holle hellet in aai te lizzen. En dus kin it seizoen wolris hiel koart wurde. De measte fûgels sitte no yn stikken sompige greide dêr't in soad fretten is om by te kommen fan de lange reis. Sa seit distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)