Ploeg kritysk oer NUON-jild

It hastich útjaan fan de miljoene-opbringst fan de NUON-oandielen hie alhiel net nedich west. Dat seit âld-deputearre Jan Ploeg. It provinsjebestjoer is op syk nei goeie ideeën, om de 160 miljoen gau te besteegjen. Op it provinsjehûs is de grutte eangst dat de polityk yn De Haach de sinten fan Fryslân ôfpakke wol. Ploeg soe it leafst sjen dat de NUON-miljoenen no brûkt wurde om te bou te stimulearjen.
Dat soe kinne troch bygelyks subsydzje te jaan foar it ferbouwen fan pleatsen of fabriken ta wenhuzen, of it enerzjysunich meitsje fan huzen.