Stroomsteuring regio Makkum
Yn Wûns, Makkum en Eksmoarre hat freedtejûn in stroomsteuring west. Sa'n 150 minsken sieten sûnder stroom. Nei in lyts oardel oere wie de steuring oplost.
Netbehearder Liander skeakele oer op in oar netwurk. De oarsaak wie in kabel dy't stikken gien wie. Takom wike wurdt dat fierder útsocht.