Smeekens wint, Oenema fiifde

08 mrt 2013 - 19:20
  • Thijsje Oenema

Jan Smeekens hat mei oermacht de 500 meter yn Thialf wûn by de finale fan de wrâldbeker. Smeekens, ynwenner fan Snits, ried 34.84. It wie syn sechsde winst dit seizoen. Hy is ek de earste Nederlanner dy't it einklassemint wint.

Thijsje Oenema fan De Jouwer waard tegearre mei Laurine van Riessen fiifde op de 500 meter. De beide rydsters setten in tiid fan 38.16 op de klokken. Winner waard de Dútse Jenny Wolf mei in tiid fan 37.77. De Sinese Beixing Wang waard twadde mei 37.81 en it tredde plak wie foar Sang-Hwa Lee út Súd-Koreä.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)