Thialf: provinsje teloarsteld

08 mrt 2013 - 17:39

De provinsje Fryslân is net bliid mei it nijste inisjatyf fan sportkoepel NOC*NSF en reedrydbûn KNSB om ferskate nijbouplannen fan iisstadions yn Nederlân mei-elkoar te ferlykjen. It stadion dat úteinlik it bêste plan hat, kriget de kommende tsien jier de topsportstatus fan Nederlân. Dat hâldt yn dat it iisstadion fan 2016 oant 2026 alle ynternasjonale toptoernoaien kriget.

De provinsje is al fier mei nijbouplannen by Thialf op It Hearrenfean. Provinsjale steaten hawwe dêr al 50 miljoen euro foar beskikber steld.

De ferskate iisstadions kinne oant 29 april harren nijbouplannen yntsjinje. In ûnôfhinklike kommisje mei dêryn ûnder oare âld-reedrider Jochem Uytdehaage en KNSB-direkteur Paul Sanders nimt uterlik 10 maaie in beslút oer hokker iisstadion yn Nederlân de topsportstatus krijt.

Trefwurden: 
Thialf provinsje Hans Konst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)