Beslút oer Thialf op 10 maaie

Thialf, It Hearrenfean © ANP
Sportkoepel NOC*NSF en reedrydbûn KNSB beslute uterlik 10 maaie hokker iisstadion yn Nederlân de topsportstatus krijt. It stadion dat oanwiisd wurdt, krijt de garânsje dat alle ynternasjonale toernoaien tusken 2016 en 2026 dêr ferriden wurde sille.
IIsstadion Thialf op It Hearrenfean hat sûnt 1986 de topsportstatus. De provinsje en Thialf sels wolle dat graach sa hâlde. Provinsjale steaten hawwe yn desimber ferline jier 50 miljoen euro beskikber steld foar fernijbou fan Thialf. Mar dêrmei is behâld fan de topsportstatus noch net wis.
Reedrydbûn KNSB wol graach twa 400 meterbanen njonken elkoar hawwe: in wedstriidbaan en in topsporttrainingshal. Mei it útskriuwen fan in saneamde 'tender' wolle NOC*NSF en de KNSB de kar meitsje. De ferskate iisstadions kinne oant 29 april harren nijbouplannen yntsjinje. In ûnôfhinklike kommisje mei dêryn ûnder oare âld-reedrider Jochem Uytdehaage en KNSB-direkteur Paul Sanders nimt úterlik 10 maaie in beslút oer hokker iisstadion yn Nederlân de topsportstatus kriget. De oare banen dy't ek steat meitsje kinne op de topsportstatus lizze yn Zoetermeer en yn Almere.