Deadlik ûngelok by Baaium

08 mrt 2013 - 14:07
  • Deadlik ûngelok by Baaium

By in ûngelok by Baaium is freedtemiddei in 53-jierrige man út Dronryp om it libben kaam. Op de Werpsterwei ried er mei de auto tsjin in beam. Omstanners ha de man noch reanimearre, mar it mocht net mear helpe.

De traumahelikopter hat ek noch by it ûngelok west, mar medysk personiel koe ek neat mear úthelje. De auto kaam út de rjochting Wjelsryp en ried nei Baaium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)