Flaters by Facebookrellen

08 mrt 2013 - 12:42

De plysje hat grutte flaters makke by it Project X-feest yn Haren. Der is te min kennis fan sosjale media, lykas Facebook en Twitter, de ME kaam te let en de plysjes wisten net wat se dwaan moasten. Dat is it oardiel fan de kommisje-Cohen. It nijs waard freed bekend makke op in parsekonferinsje.

Net allinnich de plysje krige krityk, de gemeente Haren ek. Alles wat mis gien koe gie mis. Noardlik plysjesjef Oskar Dros lûkt him dat bot oan en seit dat de plysje it rapport brûke sil om de organisaasje te ferbetterjen.

Der wiene sawat fyftich plysjes út Fryslân wei optrommele om it opskuor yn Haren yn Grinslân del te bêdzjen. Se wiene as ien fan de earsten te plak. De plysjes wisten net rjocht wat se dwaan moasten, om't se net goed oanstjoerd waarden.

Trefwurden: 
Cohen Haren Facebookrellen Dros
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)