Yllegale jagers oppakt

De plysje hat in 65-jierrige man út Wolvegea oppakt yn ferbân mei yllegale jacht. Hy wurdt derfan fertocht dat er mei ien út de Drintske gemeente Westerveld, op 'en paad gie. Se soene jage hawwe mei ferbeane middels, lykas fangkoaien en klemmen en ljochtbakken. Se soene rôffûgels deamakke hawwe en fazanten útset hawwe foar de jacht. Se soene ek formulieren ferfalske hawwe om wyld te registrearjen.
De man út Westerveld wurdt sjoen as haadfertochte. De man is heard troch de plysje en dêrnei wer frijlitten.