Heechste baas Prins stapt op

08 mrt 2013 - 09:47
  • Staking Prins Dokkum

De heechste baas fan it memmebedriuw fan fangrailfabryk Prins Dokkum stapt op. It soe om priveeredenen wêze. Jon Eric Engeset soe net mear safolle tiid kwyt wêze wolle mei reizgjen. Fakbûn CNV fynt de stap fan de topman fan Saferoad te tafallich.

Wurknimmers en sympatisanten fan Prins Dokkum hawwe it haadkantoar fan Saferoad yn Noarwegen de ôfrûne wiken bestookt mei hantekens, mails en brieven út protest tsjin de sluting. Der is staakt en de klanten begjinne harren te roeren. It CNV tinkt dat de topman dêr syn konklúzjes út lutsen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)