De Ponderosa mei wer iepen

07 mrt 2013 - 18:49

Bar-dancing De Ponderosa yn Dokkum mei fan moandei ôf wêr iepen. It bedriuw moast in moanne lang de doarren slute om't de besikers sûnt de weriepening yn 2012 yn de wykeinen foar tefolle oerlêst soargen. It gie ûnder oare om fernielings, fjochtpartijen en lawaai. De eigener fan de Ponderosa hat no maatregels naam om dat yn te takomst foar te kommen. Sa is der in nij befeiligingsbedriuw ynhierd en binne der nije ôfspraken makke mei de plysje. De gemeente fynt dat genôch en jout no tastimming om wer iepen te gean. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)