Keunstdong út Spannenburg

07 mrt 2013 - 17:28
  • Vitens

Wetterbedriuw Vitens start yn juny yn Spannenburg mei de produksje fan humussoer, in produkt dat brûkt wurde kin as keunstdong yn de lân- en túnbou. In ynstallaasje om de produksje mooglik te meitsjen wurdt ynkoarten yn oanbou naam.

It humussoer wurdt op dit stuit mingd mei sâlt en as ôffalprodukt fan de wettersuvering offierd. Dat kostet it bedriuw sa'n heal miljoen euro yn it jier. It ferkeapjen fan it humussoer moat yn de takomst sa'n twa ton yn it jier opsmite. Earder binne de ôffalprodukten izerslib en kalkkorrels al nuttich makke.

Dat is foar de suvering fan ôffalwetter en ûnthurding fan wetter yn de glêsyndustry. In ynstallaasje foar it werom winnen fan metaan út it wetter foar de eigen enerzjyfoarsjennning fan Vitens is yn oanbou. Mei it humussoer derby wurdt no sa goed as alle ôffal fan it wetterbedriuw opnij brûkt. It benutten fan ôffalstoffen past yn it duorsumensbelied fan Vitens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)