Tsjêbbe Hettinga ferstoarn

De bekende Fryske dichter, sjonger en saksofonist Tsjêbbe Hettinga is tongersdei op 64-jierrige leeftiid ferstoarn. Hettinga wie al in skoftke siik, hy hie kanker.
Hettinga krige foar syn wurk talleaze prizen, lykas yn 2001 de Gysbert Japicxpriis foar de bondel 'Fan oer see en fierder'. Ek wûn hy trije kear de Rely Jorritsmapriis. Hettinga syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk.