Drugsopfang Ljouwert ferhuzet

07 mrt 2013 - 15:08

De drugsopfang oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert ferhuzet nei in lokaasje oan de Tunen, dêr't in deiopfang fan it Leger des Heils sit. Dêrneist wurdt der in nachtopfang iepene yn it gebou de Wirdumerpoort. Dêr sit ek al in deiopfang. Konsintraasje fan de opfang foar ferslaafde dakleazen yn Ljouwert jout se mear perspektyf, om't de begelieding yntinsiver wurdt.

Wethâlder Ekhart ferwachtet wol protest fan bewenners fan de Tunen. Der kin beswier makke wurde tsjin de plannen. De kommende tiid binne der ynformaasjebyienkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)