Manlju oanhâlden foar ynbraak

07 mrt 2013 - 10:56
  • (fotofoarbyld)

Trije manlju binne woansdeitejûn troch de plysje yn Ljouwert oanhâlden op fertinking fan ynbraak. It giet om twa jonges fan 16 en ien fan 18 jier.

In tsjûge seach dat de manlju in doar oan it iepen brekken wiene yn de Maerten Gerritszstrjitte. Hy belle 112 en joech it sinjalemint fan de fertochten troch. Se koene op de Bleekleane oanhâlden wurde. Se hiene doe sieraden en in fototastel by har. It guod is yn beslach naam. De manlju sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)