'Proseduere beamkap net goed'

07 mrt 2013 - 06:47
  • Beammen by spoar yn Camminghabuorren

De fraksjes fan PAL/GrienLinks en de NLP yn de Ljouwerter gemeenteried binne ûntefreden oer de fergunningsproseduere foar de kap fan 85 beammen lâns it spoar by Camminghabuorren. Omwenjenden binne poer dat se no útsjen moatte op de bedriuwsgebouwen fan de Hemrik yn plak fan op in beamwâl. Prorail woe de beammen roaie om hinder troch blêd op de rails foar te kommen. Neffens de beide fraksjes hiene de omwenjenden troch ûndúdlike publikaasje fan de fergunningoanfraach net witte kind dat it om sa'n grutskalige beamkap gie.

Earst waard fergunning oanfrege foar it omheljen fan fjouwer beammen, letter gie it om 'meardere' beammen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)