Striid Prins Dokkum ferhurdet

07 mrt 2013 - 06:24

De stakende meiwurkers fan fangrailfabryk Prins yn Dokkum meitsje harren op foar in lange striid. De stakers stride tsjin de foarnommen sluting fan it fabryk en foar in better sosjaal plan. Tongersdei sil der foar de fjirde kear staakt wurde. De bûnen wolle oergean op koarte, net-oankundige stakings. 34 fan de 39 meiwurkers driigje harren wurk te ferliezen omdat de produksje troch it Noarske memmebedriuw Saferoad ferpleatst wurdt nei Dútslân as Poalen. De stakers wolle sluting keare en fine de de foarstelde regeling fierstente min.

Eardere foarstellen om de ww-útkearing trije moannen oan te foljen hat de direksje yntusken al ynlutsen út irritaasje oer de stakings.

Trefwurden: 
Dokkum Prins Dokkum stakings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)