Doarpen wolle eigen wynmûne

Fyftich Pleatslik Belangen freegje it provinsjebestjoer doarpsmûnen ta te stean. Ien wynmûne it doarp, dy't troch de mienskip eksploitearre wurdt. Dat om de belutsenheid fan de bewenners by duorsumheid te fergrutsjen. Sa kinne de doarpen sels de leefberens ferbetterje mei de opbringst fan de eigen turbine. De Pleatslik Belangen hawwe dêr mei-inoar oer fergadere en no in brief skreaun oan de provinsje. Lykas bekend binne de provinsjale plannen foar wynenerzjy hiel oars.
De provinsje Fryslân wol parken mei klusters wynmûnen by de Ofslútdyk, de trijehoek Boalsert-Makkum-Harns en by It Hearrenfean.