Drugsopfang krijt oar plak

06 mrt 2013 - 18:57

De drugsopfang oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert giet ticht. Omwenners hawwe dêr woansdei in brief oer krigen. It is de bedoeling dat de opfang, mei in gebrûkersromte foar drugsferslaafden, ferhuzet nei in lokaasje oan de Tunen, mear yn it sintrum fan Ljouwrt. Fierders wurdt der in nachtopfang iepene yn it gebou de Wirdumerpoort, oan de Oostergowei. Dêr sit ek al in dei-opfang.

Op 20 maart sil de gemeente Ljouwert mear ynformaasje jaan en yn oerlis gean mei omwenners en ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)