Himpkweek mooglik legaal

06 mrt 2013 - 16:31

It legaal telen fan himp komt tichteby yn Smellingerlân. De gemeente sil noch dizze moanne by it Ryk in oanfraach yntsjinje foar in eksperimint, wêrby't coffeeshophâlders tastimming krije om de weed dy't se ferkeapje ek sels te ferbouwen. De gemeente sil hjirby tafersjoch hâlde. De coffeeshophâlders binne dan net mear twongen om harren produkten út it yllegale sirkwy te keapjen.

Boargemaster Tjeerd van Bekkum wol mei sa'n pilot de yllegale weedplantaazjes, en de kriminaliteit dy't dêrby komt sjen, tebekkringe.

Yn Fryslân hat njonken Smellingerlân ek de gemeente Ljouwert belangstelling foar sa'n pilot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)