MFC Blije no lang om let iepen

06 mrt 2013 - 15:27
  • Gemeente Ferwerderadiel

It multyfunksjoneel sintrum fan Blije giet nije wike iepen. De ynwenners fan Blije ha tiisdei ynstimd mei in rinteleaze liening by de gemeente. It nije sintrum wie al yn septimber klear, mar sa lang't de finansiering net rûn wie, woe de gemeente de kaai net oan it doarp jaan. It sintrum hat 1,8 miljoen euro koste, en der moast noch 137.000 euro op it kleed komme. Dat is no troch de ynwenners fan Blije tasein. Yn it sintrum kinne húsdokters, jongerein, pjutteboartersplak en ferienings te plak. De offisjele iepening is dit foarjier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)