Trijntje Wiel krijt al foarm

06 mrt 2013 - 15:17

De earste bewenners fan Trijntje Wiel by Broek wurde ein dit jier ferwachte. It bouprojekt oan it wetter rôp yn it doarp in soad ferset op. Bewenners wiene benaud dat se tsjin in muorre oansjen moasten, mar it ûntwerp fan de trije filla's wurdt safolle mooglik ûnderdiel fan it lânskip. Broeksters lykje entûsjaster te wurden. Neist de djoere huzen fan oardel miljoen euro wurdt ek de natuer ûntwikkele. Foar de provinsje is Trijntje Wiel in foarbyldprojekt. Se wolle graach mear sokke bûtens yn Fryslân, mar dat slagget net sa.

Trefwurden: 
Broek Trijntje Wiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)