Drones ynset boppe Harns

06 mrt 2013 - 12:48
  • Ynbraak

Definsje hat yn desimber drones ynset boppe Harns. De spionaazjetastellen binne tusken 7 en 17 desimber brûkt by de syktocht nei ynbrekkers. Op dat stuit wie der yn Harns sprake fan in ynbraakgolf. It Iepenbier Ministearje hat de ynset oanfrege. Neffens in wurdfierder hat it neat opsmiten. Der binne yntusken al twa manlju oanhâlden op fertinking foar de ynbraken yn de havenstêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)