Auto oer de kop op A6
In 50-jierrige man út Noardburgum is woansdeitemoarn betiid ferwûne rekke op de A6. Troch ûnbekende oarsaak rekke de man by Alde Ouwer yn de buert de macht oer it stjoer kwyt en sloech meardere kearen mei de auto oer de kop. De brânwacht hat him út de auto helle. Mei de traumahelikopter is er nei in sikehûs brocht.