300 Miljoen yn Fryske ekonomy

06 mrt 2013 - 09:57
  • Provinsjehûs Ljouwert

De provinsje wol in bedrach fan 300 miljoen euro yn de Fryske ekonomy stekke. Mei it jild moatte foaral Friezen oan it wurk holpen wurde. It jild komt út de NUON-pot, dêr't troch de ferkeap fan de Fryske oandielen in bedrach fan 1,2 miljard yn sit. De provinsje wol gau prate mei gemeenten, bedriuwslibben en ynstellings om goede projekten te finen.

De provinsje wol dêrby in grutter part fan de kosten betelje as no gebrûklik is. Der lizze no ek al konkrete plannen dêr't it jild foar brûkt wurde kin, lykas de oanlis fan glêsfezel.

Al yn juny kinne provinsjale steaten in beslút oer it earste projekt nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)