Van der Werf no echt fallyt

05 mrt 2013 - 17:10

Tiisdeitemiddei hat de rjochter it fallisemint útsprutsen oer it Sint Nykster boubedriuw Van der Werf. Neidat it bedriuw nei lang ûnderhanneljen gjin kredyt mear krige fan de Rabobank, frege it bedriuw freed it fallisemint oan.
No it safier is, is direkteur Herman van der Werf bot oandien. Jaap van der Meulen is oansteld as kurator fan it boubedriuw.

Troch it fallisemint komt in ein oan 105 jier boubedrijf Van der Werf. It bedriuw frege de ôfrûne simmer kredyt fan de bank, mar koe net oan de easken foldwaan.

It rûn speak op de boarch dy't it bedriuw jaan moast. Dat waard lykwols pas ferline wike, mear as in heal jier nei de oanfraach, dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)