Dizze Peaske gjin hûneshow

De ynsternasjonale hûneshow giet dizze peaske net troch. It organisearjende bestjoer bestiet noch mar út twa minsken en dat is te min om de show op ferantwurde wize te organisearjen. It bestjoer hat dit oan dielnimmers en oare relaasjes wite litten. De show op twadde peaskedei is ien fan de grutste fan Europa.
De Kynologen Klup Fryslân stiet achter it beslút, mar begrypt ek dat it foar in soad hûneleafhawwers in grutte teloarstelling wêze sil.