Krisis by de Fryske túnsintra

05 mrt 2013 - 14:31

De túnsintra hawwe in dreech jier achter de rêch. Troch de krisis en de kâlde aprilmoanne ha se yn 2012 5% minder omset draaid. Ek Fryske bedriuwen fernimme dat der minder jild útjûn is. Der wurde benammen minder en minder djoere túnmeubels kocht. De planten en blommen dogge it noch wol hiel goed.

Túnsintra en hoveniers ferwachtsje dat it dit jier wol wer wat oanlûke sil omdat de BTW foar oanlis en ûnderhâld fan de tún werombrocht is fan 21 nei 6%. En it waar is fansels fan grutte ynfloed op de omset. In moai foarjier is hiel bepalend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)