Krúspunt Hurdegaryp ôfset

© Alle Faber
Ferkear kin foarearst net oer it súdlik part fan de krusing fan de Buorgemaster Drijberwei en de Westeromwei yn Hurdegaryp. De gemeente hat it krúspunt fuortendaliks ôfset fanwege problemen mei de riolearring. Troch dy problemen is de strjitte fersakke.
It ferkear kin der net del en wurdt omlaat. Dy omliedingsrûte stiet mei buorden oanjûn. Hoe lang de ôfsetting krekt duorje sil is noch net bekend.