Hieren omheech yn Fryslân

It tal wenningkorporaasjes yn Fryslân dat de ynkomensôfhinklike hierferheging trochfiere sil, komt oerien mei it lanlik byld. Dat seit direkteur Rein Hagenaars fan Wonen Noordwest Friesland. Neffens de NOS sil trijekwart fan de korporaasjes de ferheging trochfiere. Se dogge dat fanwege de ferhierdersheffing, dy't se oan it ryk betelje moatte.
Neffens Hagenaars binne it benammen de gruttere korporaasjes yn Fryslân dy't de hierferheging trochfiere, omdat sy it measte oan it ryk betelje moatte.
De Earste Keamer moat noch wol grien ljocht jaan foar de hierferheging. De senaat sil hjir nije wike tiisdei oer prate.