Play-off:Dijkstra kin meidwaan

© Nicolien Sijtsema
IIshockeyer Sander Dijkstra fan Unis Flyers op It Hearrenfean hat in skorsing fan in jier ûnder betingst krigen fanwege doping. Dat meldt foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers. Dêrnjonken hat Dijkstra in proeftiid fan twa jier krigen. Dijkstra waard ferline jier oktober betrape op it brûken fan in ferbean foedingsupplemint, wêrtroch er earder herstelde.
It foedingsupplemint is tastien by it trainen, mar net by wedstriden. De dopingsaak fan Dijkstra waard moandeitejûn behannele foar de tuchtkommisje fan it IIshockeybûn.
No't Dijkstra in skorsing ûnder betingst krigen hat, kin er kommende freed gewoan meidwaan yn de play-offwedstriid tsjin de Tilburch Trappers.