Jistrumer fertocht fan heling
De plysje fertinkt in 37-jierrige man út Jistrum fan heling. Hy bea op ynternet in yn Noard-Brabân stellen boat te keap oan. De plysje kaam de man op it spoar nei in tip.
De Jistrumer koe moandetemiddei oanhâlden wurde yn Koatstertille. Dêr lei ek de boat.