Pynlik ferlies foar SC Cambuur

04 mrt 2013 - 22:19

SC Cambuur hat moandeitejûn de thúswedstriid tsjin Veendam mei 3-1 ferlern. De earste helte wie it spul fan beide kanten net best en by rêst wie it dan ek noch 0-0. Yn de twadde helte kaam Cambuur op foarsprong troch in goal fan Martijn Barto, mar even letter stie it wer gelyk troch in goal fan Opoku.

Brekpunt yn de wedstriid wie de twadde giele kaart foar Mart Dijkstra. Cambuur moast fierder mei tsien man en Veendam profitearre dêrfan. Hutten skoarde de 2-1 en fiif minuten foar tiid waard it ek noch 3-1 troch in treffer fan Tom Overtoom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)