Eksplosiven fûn op De Gordyk

04 mrt 2013 - 21:50

Op De Gordyk hat it EOC yn in jildautomaat in eksplosyf fûn. It giet om in bakje mei deryn in wite eksplosive stof. By de ABN Amro Bank is yn de nacht fan snein op moandei besocht in pinautomaat op te blazen, dat is lykwols mislearre. Ien bom op in doar gie al ôf mar soarge kwalik foar skea. In oar eksplosyf yn de jildautomaat gie net ôf.

Fanwege it ûndersyk moasten seis gesinnen it hûs út. Omt yn de rin fan moandei dúdlik waard dat der mooglik noch in bom yn de automaat siet is it EOC pas let begûn mei it ûndersyk. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)