Jong Hearrenfean wint opnij

04 mrt 2013 - 21:19
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin Jong Vitesse/AGOVV mei 1-0 wûn en dêrmei bliuwt de klup koprinner. Hearrenfean wie de hiele wedstriid de bettere yn it spul en dat waard útdrukt mei in goal yn de 27e minút. Yassine El Ghanassy pikte de bal op en kaam allinnich foar de keeper fan Vitesse. Hy twifele net en skoarde de iepeningstreffer.

Hearrenfean fersomme dêrnei om de skoare út te bouwen en dêrtroch bleau it ûnnedich spannend. Yn de slotfaze rûn Hakim Ziyech binnen in pear minuten tsjin twa giele kaarten oan.

Dat betsjut dat hy der nije wike tsjin Jong Feyenoord net by is. Jong Hearrenfean hat no acht punten foarsprong op de konkurrinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)